Produkten
Firefox is noch mar it begjin. De produktfamylje fan Mozilla is ûntwurpen om jo online feiliger en tûker te hâlden.
Foar elkenien
Firefox
Download de browser dy’t automatysk mear as 2000 datatrackers blokkearret. Ferbettere beskerming tsjin folgjen is standert yn elke Firefox-browser.
Firefox Focus
Jo spesjale privacybrowser mei automatyske advertinsjeblokkearring en befeiliging tsjin folgjen.
Mozilla Monitor
Besjoch oft jo persoanlike gegevens lekt binne by in bedriuwslek en meld jo oan foar takomstige warskôgingen.
Mozilla VPN
Sneup, stream en fier wurk út op servers yn mear as 30 lannen, foar in feilige ynternetferbining mei in nij perspektyf.
MDN Plus
Helpboarnen foar ûntwikkelers, troch ûntwikkelers. Stypje MDN en meitsje it jo eigen mei kolleksjes, notifikaasjes en boartersplakken.
Thunderbird
Benaderje al jo e-mail, aginda’s en kontakten yn ien snelle app. Filterje en organisearje se sa as jo dat wolle
0DIN
Fyn en reparearje AI-kwetsberens eardat se produksje berikke, stipe troch in wrâldwide mienskip fan befeiligingsûndersikers en de grutste beskikbere exploitfeed.
Tabstack
Ferbyn jo apps mei it ynternet mei betroubere automatisearring en set live websiden om yn skjinne, strukturearre resultaten.
Foar bedriuwen
Otari
Otari eliminearret de kompleksiteit fan it behearen fan meardere AI-providers troch rûtearring, befeiliging, budzjettearren, failover en auditing te ferienigjen efter ien API-einpunt.
Mozilla Ads
Foegje fertrouwen ta oan jo advertinsjeoankeap. Jo sille ferbine mei mear as 210 miljoen selektive, krityske, merktrouwe brûkers.